Motorrider ferstoarn by Snits

© Jaring Rispens www.stjoerder.nl
By in iensidich ûngelok op de N7 by Snits is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in motorrider ferûngelokke. It giet om in 48-jierrige man út Hippolytushoef. Yn in flauwe bocht op de hichte fan yndustryterrein De Hemmen gie de man om twa oere hinne ûnderút. Passanten hawwe noch besocht earste help te ferlienen, mar it slachtoffer wie op slach dea.
De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend. De sneldyk rjochting Boalsert hat in oantal oeren ôfsluten west foar plysjeûndersyk.