UPDATE: A32 wer iepen, frou nei sikehûs

24 aug 2016 - 17:47

De sneldyk A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert wie woansdeitejûn in skoft ticht troch in ûngelok. Der wienen fjouwer auto's opinoar botst. In 20-jierrige frou út Grou rekke ferwûne en is nei it sikehûs brocht.

De frou dy't it ûngelok feroarsake hie, moast op it plysjeburo in blaastest dwaan. Der die bliken dat se fierstente folle dronken hie. It rydbewiis fan de frou is ynnommen.

Troch de ôfsluting ûntstie der in grutte file. Om sân oere hinne wie de dyk wer iepen, ferkear koe fia de flechtstreek de rûte ferfolgje

Trefwurden: 
A32 sneldyk ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)