Waarme kij yn trailer: brânwacht Drachten yn aksje
De brânwacht yn Drachten moast woansdeitemiddei yn aksje komme foar kij yn in trailer. De wein stie op de Amperelaan yn Drachten. Hy siet op slot en de eigener wie net te berikken.
Om't de helptsjinsten benaud wienen dat de kij it te waarm hienen, hat de brânwacht de trailer ôfkuolle mei bluswetter.