Foar 46.000 euro fraudearre

09 maaie 2012 - 21:43
  • Gebou fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland hat ferline jier 24 gefallen fan fraude mei deklaraasjes opspoard. It gie om in bedrach fan 46.000 euro. Mar de soarchfersekerder hie folle mear jild kwyt wêze kinnen, want der waard foar 35 miljoen oan ûnterjochte deklaraasjes yntsjinne.

Neffens De Friesland witte pasjinten en soarchynstellingen faak net wat se no wol en net deklarearje kinne. It tal deklaraasjes dat net útbetelle wurde kin, giet alle jierren omheech. Wat dêr de oarsaak fan is, is net rjocht dúdlik. Dêr is mear ûndersyk foar nedich.

Soarchfersekerder De Friesland hat in ôfdieling dy't him spesjaal dwaande hâldt mei it opspoaren fan ûnterjochte yntsjinne deklaraasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)