Enkête oer leefberheid doarpen

09 maaie 2012 - 21:15

Ynwenners fan Ferwerderadiel kinne ynkoarten har miening jaan oer de leefberheid yn de doarpen. De gemeente en wenningkorporaasje Wonen Noordwest Fryslân dogge dêr ûndersyk nei. Ynwenners kinne yn in enkête oanjaan wat se fine fan de foarsjennings yn it doarp en de ynset fan de gemeente en de wenningkorporaasje om de regio leefber te hâlden.

It is de twadde kear dat der sa'n ûndersyk dien wurdt. Mei de útkomsten fan de foarrige enkête is in soad dien, seit de gemeente. Sa binne bygelyks boarterstunen oanlein of opknapt.

Ek is der by de gemeente ien oansprekpunt foar de doarpen kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)