Gjin kuiergemeente 2012

09 maaie 2012 - 19:14

Eaststellingwerf is net de Kuiergemeente 2012 wurden. Rijssen-Holten hat dy titel dit jier krigen. De ferkiezing wurdt organisearre troch 'Te Voet', de kuierkrante fan Nederlân. Minsken koene stimme op trije gadingmakkers.

Eaststellingwerf hie him der bot foar ynset om de titel te krijen. Sa waard der flink gebrûk makke fan twitter en facebook, om minsken oer te heljen om te stimmen. En der wie ek in ien-aprilgrap mei koala's op de Delleboersterheide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)