Ipad yn de thússoarch

09 maaie 2012 - 19:09

Thússoarchorganisaasje ZuidOostZorg jout syn personiel in Ipad. Dy kinne se brûke om har wurk makliker te meitsjen. Mei de lytse kompjûter kinne se ûnderweis al de gegevens fan de kliïnten ferwurkje en hoege se dat net mear op kantoar te dwaan. Fierder kinne se mei it apparaat ek kontakt sykje mei kollega's of spesjalisten om te oerlizzen oer de soarchferliening.

De bedoeling fan it brûken fan de Ipad is dat de thússoarchmeiwurkers mear tiid oerhâlde om de kliïnten noch better te fersoargjen.

Trefwurden: 
ZuidOostZorg iPad kliinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)