Pealsitte foar nije keuken

pealsitte © Omrop Fryslân
In keukensaak yn Marsum seit in nije keuken ta oan dejinge dy't fan nije wike freed ôf it langste op in peal foar de saak sit. De saak fiert sa it 15-jierrich bestean. Der komme tsien peallen yn it gers foar de saak te stean. Wa't it langste sitten bliuwt, wint in keuken mei in wearde fan seistûzen euro.
De eigener fan de keukensaak hat gjin idee hoe lang oft it pealsitten duorje sil. Hy rekkenet op syn meast op tsien dagen.