FNP: Debat oer Sionsberg

09 maaie 2012 - 15:27

De FNP freget him ôf wêrom't kommissaris Jorritsma en deputearre steaten net mear dien hawwe om befallings yn sikehûs De Sionsberg te hâlden. De partij wol in debat yn de steaten oer de gong fan saken mei it sluten fan de ôfdieling ferloskunde fan De Sionsberg.

Earder yn Drinte makke it provinsjebestjoer him sterk foar it sikehûs yn Meppel, dat mei sluting bedrige waard. Ek yn Seelân hâldt de polityk him bot dwaande mei it oerein hâlden fan de sûnenssoarch. CDA'er Sander de Rouwe hat fragen oer de Sionsberg steld yn de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)