Steatsrie skrast rekken D'diel

09 maaie 2012 - 11:27

De gemeente Dongeradiel hat in ynwenner fan Nes ûnterjochte in rekken fan hast 7000 euro stjoerd. It giet om de kosten fan it opromjen fan it hiem fan 'e man. Dy wegere dat sels te dwaan, wêrnei't de gemeente it dwaan liet. De Rie fan Steat hat no lykwols bepaald dat Dongeradiel him basearre hat op in wet dy't pas yngie neidat de oertreding begien wie.

De ynwenner fan Nes kaarte dat earder oan by de gemeente en de rjochtbank, mar dy joegen him ûngelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)