Nij gemaal kostet 177 miljoen

09 maaie 2012 - 10:05

De bou fan in nij gemaal by Lauwerseach kostet sa'n 177 miljoen. Dat is woansdei dúdlik wurden by de presintaasje fan de resultaten fan in stúdzje nei de bou fan it gemaal. Dêrby is ek sjoen nei trije farianten dy't dat gemaal in ekstra funksje jouwe. Dêrby giet it om de natuer, de rekreaasje en it gemaal as kennissintrum.

As der in ekstra funksje oan it gemaal taheakke wurdt kostet dat nochris sân ton oant seis miljoen ekstra. De wetterskippen Fryslân en Noorderzijlvest hawwe de resultaten fan de stúdzje woansdei yn ûntfangst naam.

Sy besykje no de finansiering rûn te krijen, sadat it gemaal noch foar 2020 boud wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)