Achlumer mishannelet sjauffeur

09 maaie 2012 - 09:48

De plysje hat Achlumer (63) oanhâlden fanwege mishanneling. De man krige spul mei in frachtautosjauffeur (43) út Eeklo doe't dy it terrein fan it bedriuw fan de Achlumer opried. De Achlumer sloech dêrby de frachtautosjauffeur en skopte ek tsjin de frachtauto.

De Achlumer is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)