Studio Súdwest begjint sneon

09 maaie 2012 - 09:39

Kommende sneon iepenet de nije lokale omrop fan de gemeente Súdwest-Fryslân de doarren. Studio Súdwest, sa't de lokale omrop hjit, hat op trije plakken yn de gemeente studioromte; yn Boalsert, Snits en Koudum. Studio Súdwest is de opfolger fan Radio Markant en SWF-lokaal.

Doe't de gemeente op 1 jannewaris 2010 fusearre wie der al in lokale omrop, mar dy foel útinoar troch reboelje tusken bestjoer en frijwilligers. De lokale omrop foar de twadde gemeente fan Fryslân sil sawol radio as TV meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)