Hero Brinkman nei Ljouwert

09 maaie 2012 - 09:34

Ald-PVV'er Hero Brinkman komt nei in politike jûn yn Ljouwert. Kommende freed sil er sprekke yn Café Jefferson yn Ljouwert, op in byienkomst fan de stifting Jongeren en Politiek Fryslân. Brinkman gie út de PVV om yn de Twadde Keamer fierder te gean mei syn ienmansfraksje OBP, de Onafhankelijke Burger Partij.

Ien fan de ûnderwerpen freed yn Ljouwert is it idee om in jongerepartij binnen de OBP op te rjochtsjen. Dat slagge Brinkman by de PVV earder net.

Trefwurden: 
PVV Hero Brinkman OBP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)