Soad ûntslaggen yn ûnderwiis

08 maaie 2012 - 16:15

Underwiisgroep Fier skrast 20 fan de 150 banen op de skoallen dy't de organisaasje hat yn it noarden en noardwesten fan Fryslân. It personiel wurdt dêr woansdei oer ynformearre. Op termyn giet it tal skoallen werom fan 20 nei 12, om't se hieltyd minder learlingen krije.

De Bisschop Möllerstichting mei 29 skoallen yn hiel Fryslân moat ek banen skrasse. 15 fan de 540 meiwurkers krije dien, mar der falle gjin twongen ûntslaggen. Besunigings twinge de organisaasje om nei te tinken oer de takomst, ek al groeit it oantal learlingen noch in bytsje.

Underwiisgroep Nij Gaast yn Súd-Fryslân hat koartlyn noch oankundige dat se skoallen slute en gearwurkje litte. Dat spilet ek by Fier yn Noardwest-Fryslân. Skoallen yn lytse doarpkes hoege dan net mear te fjochtsjen om in learling. Gefolch is dat iepenbier - en kristlik ûnderwiis aanst yn ien skoalle jûn wurdt.

Yn Froubuorren wurdt dat fan augustus ôf dien. As dat goed útpakt, wolle se dat op mear plakken dwaan. Dêrneist wurdt mear gebrûk makke fan ICT-tapassings. Op de Arjen Roelofsskoalle yn Hijum bygelyks wurkje se al twa moanne mei digitaal rekkenûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)