'Ruiter dakkapellen' fallyt
It bedriuw Ruiter Dakkapellen mei in fêstiging yn Drachten is fallyt. It bedriuw is yn de finansjele problemen rekke troch de weromrinnende merk.
Ruiter Dakkapellen hat meardere fêstigings yn Nederlân, dêr wurkje 91 minsken. It bedriuw seit yn petear te wêzen mei mooglike oernamekandidaten.