Keninklike ûnderskieding foar sylster Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester (l), hjir mei Sharon van Rouwendaal © ANP
Marit Bouwmeester fan Warten is woansdeitemiddei keninklik ûnderskieden. Se is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Se krige it lintsje út hannen fan minister Edith Schippers fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport om't se by de Olympyske Spelen yn Rio in gouden medalje wûn. Ek turnster Sanne Wevers fan Sportstêd Hearrenfean krige de keninklike ûnderskieding.
Alle medaljewinners binne woansdeitemiddei yn Den Haach huldige. Foar elkenien mei in gouden medalje wie der in lintsje. Marit Bouwmeester wurdt woansdei noch in kear huldige mei alle oare wettersporters. Sneon is der foar har in huldiging yn Warten.