Meiwurkers gebietsteams yn tsjinst gemeente

24 aug 2016 - 14:26
  • Gemeente Súdwest-Fryslân

De gemeenten Súdwest-Fryslân en Littenseradiel nimme mei yngong fan 1 jannewaris kommend jier de meiwurkers fan de gebietsteams yn tsjinst. It giet om meiwurkers fan Timpaan Welzijn, Stichting Ouderenwerk Bolsward, Regie-Centrum en MEE.

It yn tsjinst nimmen fan de minsken, past neffens Súdwest-Fryslân binnen it belied om taken sa folle as mooglik sels út te fieren. Neffens wethâlder Gea Akkerman binne de ynwenners tefreden oer it wurk fan de seis gebietsteams. De gemeenterieden sille yn de rin fan it jier in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)