Fûgelplaat foar Makkumer bern

08 maaie 2012 - 14:21

De basisskoallebern yn Makkum hawwe tiisdei in bysûndere fûgelplaat krigen. No kinne se nea mear sizze dat se net witte wat foar fûgels der yn de omkriten fleane. It giet om in plaat dy't fergelykber is mei de âlde Cornelis Jetses-skoalplaten fan eartiids, allinnich dan yn in modern jaske.

De plaat is oanbean troch de Fûgelwacht yn Makkum. Dy bestiet dit jier nammentlik 50 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)