Luka Zahovic alwer fuort by SC Hearrenfean

24 aug 2016 - 14:00
  • Luka Zahovic

Luka Zahovic giet alwer fuort by Sportklup Hearrenfean. De Sloveense giet werom nei syn âlde klup NK Maribor. Hy wurdt foar in jier ferhierd.

Yn de simmer fan 2015 kaam Zahovic as grutte belofte nei Fryslân, mar dat hat hy noait wiermeitsje kind. Zahovic spile mar fiif wedstriden foar Hearrenfean en kaam fierder foaral by de beloften yn aksje. Zahovic kaam oer fan NK Maribor, wie jeugdynternasjonal en de soan fan Zlatko Zahovic, de Cruijff fan Slovenië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)