Twadde binnendoar skeelerbaan Europa op It Fean iepene

Op It Hearrenfean is de twadde binnendoar skeelerpiste fan Europa iepene. Nije wike freed mei it publyk der op, mar dizze wike hat it nasjonale team de baan noch foar harsels. Wat de baan bysûnder makket is de vesmacolaach.
Vesmaco sjocht der út as beton, mar fielt hast as rubber. De riders hawwe mear grip en kinne der hiel hurd op ride. Sportstêd Hearrenfean ynvestearre yn de baan omdat de inlineskeelersport hurd groeit en yn de takomst miskien Olympysk wurdt. Ek foar reedriders kin de baan brûkt wurde om te trainen.
Bûnscoach Frank Fiers
Frank Fiers, coach fan de nasjonale ploech, tinkt dat dizze trainingsfasiliteit it ferskil meitsje kin. "In het internasjonale baangebeuren gaat het om tienden, soms duizendsten van seconden en dit betekent dat je aan details kan gaan werken."
Berber Vonk
Ek inlineskater Berber Vonk is wiis mei de baan. Se wûn by de junioren al 33 Nederlânske titels en sil no mei de senioaren mei. Fan 'e moarn makke se de earste rûntsjes op de baan en se is der oer te sprekken "Het gaat zo hard! Het is echt heel anders als op de weg. "Neffens de inline skater kin de baan har helpe yn har sportkarriêre. "Ik kan nu meer trainen en het is straks veel beter te combineren met school."