Striid GrienLinks moat iepen

08 maaie 2012 - 13:41
  • GroenLinks

In ynterne striid om it listlûkerskip by GroenLinks is in goede saak. Fraksjefoarsitter Irona Groeneveld fan GroenLinks yn provinsjale steaten fynt wol dat de striid iepen fierd wurde moat.

Groeneveld reagearret dêrmei op it nijs dat keamerlid Tofik Dibi de konkurrinsje oangean wol mei fraskjefoarsitter Jolande Sap. Sap is sûnt ein 2010 lieder fan de partij. Sy folge doe Femke Halsema op. Neffens Irona Groeneveld hoecht de konkurrinsjestriid de partij gjin skea te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)