Tinkstien Piet Lichtendahl yn Harns ûntbleate
Op de Grote Bredeplaats yn Harns is fan 'e moarn de betinkstien foar Piet Lichtendahl ûntbleate. De Kimswerter kaam ferline jier by de Fiskerijdagen om it libben troch sinleas geweld.
Lichtendahl krige út it neat in hurde klap tsjin de holle wêrtroch hy ferstoar. De 36-jierrige Harnzer dy't de klap útdielde, krige in selstraf fan fjouwer jier. De Fiskerijdagen begjinne hjoed wer.