Kollum: "Kontrôle"

24 aug 2016 - 08:55
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke's Weblok.

"Ferline wike freed en sneon hat Rykswettersteat oan it kontrolearjen west op it Prinses Margietkanaal en de marren. Hoewol, inkeld op dy Fryske marren dêr’t it Prinses Margrietkanaal trochhinne rint, want oars hat Rykswettersteat der neat te sykjen. Dan moat je by provinsjale wettersteat wêze. Mar dy koene net kontroleare, want dy moasten omfarre by de skûtsjes om der om te tinken dat net in boatsje it wedstriidwetter ynfear. Dat bart net sa hiele faak, dus we ha trije wike sjoen nei provinsjale amtners dy’t hast neat te dwaan hiene. Wy suver wat ôfgeunstich, it liken allegearre brêgewachters op in fêste brêge.
Dy rykswettersteatsminsken hiene it folle drokker. Dy moasten 145 boatsjes en boaten oanhâlde. Dy moasten kontrolearre wurde yn in spesjale aksje. En no hâld ik op fan âldehoeren, want wat blykte by dy keuring: 89 fan de 145 boaten mankearre wat oan of waarden ferkeard brûkt. Te deale. 55 fan dy 89 krigen in warskôging, 34 in bekeuring. Mar 89 fan de 145 rekreaasjeboaten dy’t de tredde wike fan de boufak troch Fryslân farre, doge dus net. It meast navrante wie dat se de deis dêrnei ek noch kontrolearje soene, mar dat gie net troch fanwege de mêst fan de Amicitia. Dy knapte yn Harns, wêrtroch trije minsken om it libben kamen. It ûndersyk moat alles noch útwize, mar rûchwei kin je wol sizze dat ek op dat skip eat net doogde.
No gie de kontrôle meast om te hurd farrende boatsjes, gjin ‘dodemansknop’ en gjin farbewiis. Mar ik nim oan dat se op it kanaal ek fan dy grutte hierkrusers oanhâlden ha om te kontrolearjen. Normaal sitte dy boaten wol goed yn elkoar, mar wit dat in soad fan de krusers hierd wurde troch twa netsjese jonkjes, dy’t om de hoeke fyftjin man mei 20 kratten bier klear stean ha. Ja, en dy kratten benimme it útsicht en soms ek it farfermogen fan de bestjoerder. Ik nim trouwens oan dat dy hierkrusers wol kontroleard wurde, mar ja dat barde by de Amicitia ek al.
Mar dit ûndersyk jout provinsjale wettersteat dus in opdracht. Ha se wat te dwaan. Want as op it kanaal al trijekwart fan de boaten net doocht, hoe is dat yn de rest fan Fryslân dan. Ik wit wol, it is op it kanaal gefaarliker, om’t de beropsfeart en de rekreaasjefeart dêr elkoar tsjinkomme en ynhelje. Ik wit ek dat er op it kanaal guod ferfierd wurdt dêr’t in miljeudeskundige de skrik fan om it hert krijt. Ik wit ek dat dy 110 meter skippen mei bakken fol koneners der op, in min útsicht ha en net folle remfermogen. Mar wy moatte dêr dus wat fertroud om hinne farre. It is dus nedich dat ek ús eigen wettersteatsminsken hiel yntinsyf kontrôle hâlde. Nei alle boatsjes. Hoe moai ek as se der útsjogge. Want je kin wol in kast fan in glimmende kruser ha, mar as it slankje fan de gasflesse net goed fêst sit, far je op in glimmende mar tikjende tiidbom, dêr’t se yn Syrië ûntsach foar ha.
Wêrfoar skriuw je dy 34 bekeuringen út. As der noch in op it wetter loazend skythúske op sit? Ach, dat is wol smoarch en fiis, mar it gemyske toilet wat oan board moat, hat, fyn ik, noch net daverjend folle punten wêrop je dat wer leegje kinne. En dy geweldige float sloepkes dy’t troch Fryslân fart, hat gjin húske mar in puts. Pisje en oer board. Mar as se te hurd farre, net goed útsjen kinne, sels ek in deade hoeke ha, tintsje ticht fanwege it reinwetter en dan neat sjen. Dan binne it gefaren. En net inkel op it kanaal. Ek yn de Sytskemaaikesleat of de Fammensrakken.
Wy promoate ússels as geweldige wetterrekreaasjeprovinsje. Watte, wy bin sa grutsk dat wy skelle in Dútser út as dy de kurksekken bûtenboard hingjen hat. Dus alle romte foar provinsjale wettersteat as dy it ûnrant der úthelje kin. En as se dan dochs dêr mei dwaande binne, pak dan ek efkes dy bryk en wyld opboude preammen en pontons oan wêrmei’t se sûpend en nei te lûde myzyk harkjend fan plak nei plak farre. Maklik, dêr is fan alles te finen wat net doocht. En o nee, dat fyn ik net net om’t ik no wat âlder bin. Dat fûn ik doe’t ik 14 wie al gjin gesicht. Fryslân-wetterlân ûnweardich."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)