Mooglik nij natuerbegraafplak by Appelskea

23 aug 2016 - 22:26

It kolleezje fan b. en w. yn de gemeente Eaststellingwerf set de doar iepen foar in natuerbegraafplak by Appelskea. It giet om in útwreiding fan in besteand begraafplak. De inisjatyfnimmer moat noch wol oan in oantal betingsten foldwaan, foardat it natuerbegraafplak der komt. Sa moat er oantoane dat it begraafplak net ten koste giet fan de floara en fauna yn it gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)