Universiteit docht ûndersyk mei hegere wetterstân

23 aug 2016 - 21:05

De Radboud Universiteit Nijmegen ûndersiket de kommende jierren de effekten fan hegere wetterstannen yn it Fryske feangreidegebiet. Yn it feangreidegebiet binne ferskate praktykproeven start mei hegere wetterstannen. Dêrby wurde de boaiemkwaliteit, de gewaaksopbringst, de grûnwetterkwaliteit en de útstjit fan broeikasgassen ûndersocht. Ek wurde de effekten ûndersocht fan hegere simmerstannen yn kombinaasje mei greidefûgelbehear. De provinsje betellet 3,5 ton oan it ûndersyk, dat oant 2020 duorret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)