Seefiskers binne lulk fanwege wer nije maatregels

23 aug 2016 - 17:15
  • Frits van Dellen

In soad seefiskers yn Nederlân binne lulk fanwege nije Europeeske maatregels, dy't de kommende jierren ynfierd wurde. Sa komt der hieltyd minder plak om te fiskjen, en de byfangst mei net werom set wurde. No sneon sammelje de fiskers yn Rotterdam foar in fûl protest. Ek Frits van Dellen fan Eanjum wol takom sneon mei syn skip, de Lauwersoog 28 nei Rotterdam. Hy hat no nei alle maatregels dy't yn de ôfrûne jierren al naam binne skjin syn nocht fan de bemuoisucht fan de polityk.

Benammen de nije regel dat de byfangst de kommende jierren hielendal meinaam wurde moat makket Van Dellen grimmitich. Al dizze fisk wurdt ferneatige en dat foarmet neffens him in bedriging foar de fiskstân. By weromsetten oerlibbet it grutste part. "By ús op it skip oerlibbet sa'n 70 prosint," sa seit Van Dellen, "De rest is foar de fûgels en it oare libben yn de see."

Van Dellen fisket op kreeft en skol op oanwiisde plakken oan de noardkant fan de waadeilannen en midden op de Noardsee. Hy wit dat de fangstmaatregels bedoeld binne om de fiskstân op peil te hâlden. Mar neffens him hawwe miljeugroepen en polityk it mis. "As ik sjoch wat der troch sanearen berikt is, neffens de rapporten giet alles no goed." sa seit Van Dellen. "De fiskstannen binne goed, de fiskerij is goed, en wy fertsjinje ek noch in pear sinten."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)