"Oesters sykje kin it bêste mei de hân dien wurde"

© ANP
It winnen fan oesters op skulpdierbanken op it waad kin it bêste mei de hân dien wurde, want dan hawwe de fûgels der it minste lêst fan. Dat docht bliken út ûndersyk. Dêrnjonken wurdt de skealike ynfloed op fûgels troch it sykjen fan oesters ek minder as der benammen socht wurdt op plakken dêr't in hiel soad oesters op in klútsje te finen binne. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt om te bepalen wat wol en net kin as it giet om it opkrijen fan oesters.
Njonken oesters sitte der ek moksels op de skulpdierbanken. It ûndersyk lit sjen dat as der in soad oesters binne, der minder fleis sit op de moksels. Dat lûkt dan wer minder fûgels dy't moksels ite.
De groei fan it oandiel Japanske oesters blykt skealik te wêzen foar in tal oare fûgels, lykas de strânljip.
De lêste seis jier ha achttjin bedriuwen tastimming krigen op om eksperimentele basis oesters te winnen yn de Waadsee.