Brân Spaansen ûnder kontrôle

08 maaie 2012 - 10:36

De brân by sân- en grintbedriuw Spaansen yn Harns is ûnder kontrôle. Tiisdeitemoarn bruts der brân út yn it transportsysteem dêr't grint mei út skippen helle wurdt. It giet dêrby om rubberen transportbannen. In part dêrfan is ferbaarnd, dêrby ûntstie flink wat reek. In dak fan in gebou dêr't de bannen trochhinne rinne hat ek skea.

Foar it blussen fan de brân waarden meardere korpsen oproppen. Oer de oarsaak en de hichte fan de skea is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân Spaansen rubber
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)