EK-festival Quatrebras skrast

08 maaie 2012 - 10:18

It grutste EK festival fan Noard-Nederlân giet net troch. It soe 9 juny wêze op it parkearterrein fan diskoteek Quatrebras. Artysten as de 3J's, Wolter Kroes en Frans Duijts en it grutste tv-skerm fan Fryslân waarden wikenlang oankundige.

It festival wie yn it ramt fan de wedstriid Nederlân-Denemarken. Sûnt dizze wike binne de buorden ôfplakt. It management fan de artysten lit witte dat de optredens yndied skrast binne fanwege it fallisemint fan organisator Wim Beintema út Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)