Grutte brân by Spaansen Harns

08 maaie 2012 - 09:06

By sân- en grintbedriuw Spaansen yn Harns is tiisdeitemoarn brân útbrutsen. It is noch net dúdlik hoe grut de brân krekt is. Tsjûgen sizze dat se flammen en reek sjogge. De brânwacht is manmachtich útrukt, neist dy fan Harns giet it om de brânwacht fan Grou en Frjentsjer.

Der is rubber yn de brân flein, mooglik yn ien fan de loadsen dêr't sân seefd wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)