Twa auto's opinoar by Wolvegea

23 aug 2016 - 15:41
  • Auto's yn botsing

Yn Wolvegea binne tiisdei twa auto's opinoar botst. It ûngelok gebeurde op in krusing op de Heerenveenseweg doe't de iene auto de oare auto ramde. Troch de botsing bedarre ien fan de twa auto's op de sydkant. De brânwacht en in ambulânse binne oproppen om help te ferlienen. It is noch net dúdlik oft de minsken yn de auto ferwûne rekke binne. De auto's rekken wol flink skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)