Harns posityf oer sloper
De Harnzers steane posityf tsjinoer de komst fan in seeskippesloper yn de haven, as it him mar hâldt oan de regels. Dat die moandei bliken mei de earste ynspraakjûn oer dit ûnderwerp.
De PvdA hie de jûn regele om derachter te kommen hoe't de Harnzers oer de komst fan dit bedriuw, wêrfan de namme noch net bekend makke is, tinke. De partij hopet op dizze wize foar te kommen dat de mienskip opnij yn de gerdinen fljocht, lykas by de REC fan Omrin. En dy kâns is der, want in skipswerf falt yn miljeukategory 5, de swierste. De REC sit yn 4.