Kabelnoord ferleget taryf sport-abonneminten

23 aug 2016 - 14:56

Telekombedriuw Kabelnoord yn Dokkum ferleget yn neifolging fan KPN de tariven foar de FOX Sports-abonneminten. Fan 1 septimber ôf betelje klanten yn Noardeast-Fryslân 7,50 euro foar in abonnemint op de earedifyzje of it ynternasjonale fuotbal. In kombinaasje kostet 14,95 euro. Foar minsken mei in 3in1 XL-pakket wurdt it earedifyzjefuotbal sels fergees.

Kabelnoord reagearret hjirmei op KPN, dy't de prizen ferline wike al omleech die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)