Stuyvesanttotempeallen pleatst

Learlingen fan twa skoallen yn Wolvegea hawwe moandei fiif totempeallen pleatst by de Blessebrugschans yn De Blesse. Se diene dat om Pieter Stuyvesant, de Stellingwerver grûnlizzer fan New York, te betinken.
It giet om ien fan de aktiviteiten yn it ramt fan it Stuyvesant 400-jier. De totempeallen binne fan recycled materiaal makke yn gearwurking mei keunstner Hanz Daniel fan Steggerda. Der waard ek Stuyvesant-iis presintearre; parre-iis mei stikjes sûkelarje.