Bûnscoach silen tige te sprekken oer Marit Bouwmeester

23 aug 2016 - 13:16
  • Marit Bouwmeester mei har gouden Olympyske medalje 2016

Ian Ainslie, haadcoach fan de olympyske sylploech yn Rio de Janeiro, is tige grutsk op de twa gouden medaljes dy't dêr helle binne. Surfer Dorian van Rijsselberghe en sylster Marit Bouwmeester út Warten hellen it earste plak yn Rio. Oer Bouwmeester is Ainslie tige te sprekken. "Marit is een fantastische atleet. Haar werklust en motivatie zijn uitzonderlijk."

Foar siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple rûnen de Olympyske Spelen út op in teloarstelling. Hy waard úteinlik tsiende. Ainslie: "Pieter-Jan was niet constant genoeg."

"Hij heeft de kracht en techniek om een medaille te winnen. Dat heeft hij vaak laten zien. In de laatste fleetrace had hij nog zicht op een medaille maar verloor hij een hoop plekken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)