Mooglike dieven yntiids trappearre

23 aug 2016 - 12:31

De plysje hat trije mooglike dieven oppakt by Skearnegoutum. De trije manlju, 24 en 29 jier út De Fryske Marren en in 23-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean, soenen bûtenboardmotoaren stellen hawwe.

In oplettende tsjûge seach de trije fertochten tiisdemoarn betiid op de Fleardyk flakby it parkearplak fan de fuotbalklup. De tsjûge seach dat de manlju opfallend folle ynteresse hienen yn de bûtenboardmotoaren fan de boaten dy't dêr leinen. De plysje is dêrom alarmearre en dy hat it trio efkes fierderop oanhâlden.

Der is in ûndersyk nei harren ynsteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)