Nije Fryske Ensyklopedy ferskynt nei 41 jier

Nei 41 jier is der dan lang om let in nije ferzje fan de Fryske Ensyklopedy. Fjouwer dielen, mei yn totaal 8300 ûnderwerpen oer de Fryske taal, kultuer, mar ek skiednis, polityk, ekonomy en ynfrastruktuer. Der steane mear as 11.000 trefwurden yn. Doel fan de Fryske Ensyklopedy is om yn byld te jaan fan Fryslân op dit moment.
Dêrom binne der ek wol ferskillen mei de lêste ferzje, út 1975. Sa steane der net allinnich mear ûnderwerpen yn, mar ek mear oare aspekten.
"Der stiet mear yn oer it miljeu en maatskiplike ûnderwerpen lykas jeugdkriminaliteit en sport", fertelt haadredakteur Meindert Schroor.
De ensyklopedyen binne printe yn Slovenië. De trijetûzen eksimplaren binne tiisdei levere by útjouwerij Bornmeer op De Gordyk. Fan 15 septimber ôf is de Fryske Ensyklopedy te keap.