Frou Sala-Leenheer mei 108 de âldste fan Fryslân

23 aug 2016 - 12:11
  • Frou Sala-Leenheer

De âldste frou fan Fryslân is tiisdei 108 jier âld wurden. Frou Sala-Leenheer waard berne op 23 augustus 1908 yn Den Haach. Fyftjin jier lyn is se mei freonen meiferhuze nei It Hearrenfean. Dêr wennet se yn wensoarchsintrum Mariënbosch. Moarns betiid lokwinske boargemaster Tjeerd van der Zwan har mei in grutte bosk blommen.

Sels fynt se it net in feestlike dei want har dochter fan 84 jier koe hjoed net op besite komme. Mar dat de boargemaster kear op kear delkomt, docht dat leed in bytsje ferjitten.

Frou Sala hat gjin idee hoe't it komt dat se sa âld wurden is: "Ik kan eigenlijk niks, maar ik heb wel altijd hard gewerkt." It grutste part fan har libben wurke se as naaister yn in atelier yn Haarlem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)