GroenLeven nije haadsponsor fan SC Hearrenfean

23 aug 2016 - 11:40
  • De nije haadsponsor
  • It nije tenu

GroenLeven sinne-enerzjy is de kommende trije jier de nije haad- en shirtsponsor fan Sportklup Hearrenfean. It Feanster bedriuw is dêrmei de opfolger fan fersekerder Univé. Fyftjin jier lang stie it logo fan Univé op de shirts fan de klup. Ein foarich jier makke de fersekerder lykwols bekend it kontrakt mei de Fryske fuotbalklup nei juny dit jier net te ferlingen. Bedragen binne by de presintaasje net neamd.

GroenLeven

GroenLeven is benammen bekend fan de sinne-enerzjysintrales. Sa hat it bedriuw bygelyks it oerdekte motorparkearplak fan 5,4 megawatt boud op it parkeerterrein fan it TT-sirkwy Assen. Ek sille se in sinne-enerzjysintrale fan 7 megawatt op it eardere stoart fan Garyp bouwe. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)