Kollum: "Feroaring fan lucht"

23 aug 2016 - 08:21
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Feroaring fan lucht is net allinne de titel fan Rink van de Velde syn meast ferneamde roman, mar ek in útdrukking dy’t safolle betsjut as: even wat oars is goed foar in minske.
Fakânsje is by útstek de tiid om ris fan lucht te feroarjen. De lucht fan in oar lân, oare minsken, oare sede en gewoante. Jim tsjinner hat dat lêsten yn Denemarken dien. Net fuortendrekt in eksoatyske oarde, mar dêrom net minder geweldich. It lânskip îs wakker ôfwikseljend, de histoarje is ryk en libben en de Deen sels is like relekst as in heale hin út de ‘diepvries’. De mentaliteit en it karakter fan de gemiddelde Deen lykje op dy fan de gemiddelde Fries. Net samar op ien ein, earst de kat út de beam sjen, mar wol in iepen each foar it woeljen fan de weareld.
Toch wie der ien ding, ien ferskil dat my ôfrûne simmer opfoel. Dat wie nammentlik it plak fan de Deenske flagge yn it strjitbyld. Op ’e streek dêr’t wy sieten hiene alle huzen in mêst yn de tún, en yn alle mêsten wappere in Deenske wimpel. De boaten dy’t ús oan de noas foarby fearen hiene, mei útsûndering fan de ynsidintele Sweed of Dútser, in Deensk flachje op it foar- of achterdek. Rûnom yn stêd en doarp wie it read-wyt fan it nasjonaal symboal te sjen. It is in utering fan patriottisme dy’t ik net fuortendaliks mei de Denen assosjearre hie, mar dy’t by neier ynsjen logysk is. Logysk, omdat se harren lân tagedien binne, syn ynstellings en ferwurvenheden wurdearje en mienskiplike wearden fan herte diele.
Dêr is neat mis mei. Sok patriottisme oerstiicht ferskillen en is in bynmiddel fan de maatskippij. Fergelykje dat ris mei de sitewaasje yn Nederlân, of dy fan ús hjir yn Fryslân. Patriottisme wurdt hjir op ien bult smiten mei nasjonalisme: it is fertocht. Men mei it eigen lân of de eigen provinsje net de muoite wurdich fine. Dy bekrompenheid ûntstiet út ûnnoazelens. Want al yn 1940 beskreau de bekende histoarikus, kultuerfilosoof en antropolooch Johan Huizinga it ferskil tusken patriottisme en nasjonalisme. Hy beseach beide begripen fanút de antyk-Grykske begjinsels fan tagedienens en twist, rûzje. Patriottisme falt ûnder tagedienens, de ienfâldige tagedienens foar dat wat ús bynt, foar it plak dêr’t wy mei ús allen libje, de mylde hertstocht foar it kollektyf. Nasjonalisme, de drift ta hearskippij, de sucht om it eigen folk of de eigen steat foar, boppe of ten koste fan oaren jilde te litten, falt ûnder twist omdat it mei agresje en heechmoed te krijen hat.
Dat is dus net wat der yn Denemarken oan ’e hân is, en dat is ek net wat der hjir oan ’e hân is as wy it oer it Frysk wêzen ha of in pompeblêdeflagge oan de gevel hingje. It is trouwens ek gjin patriottisme as Russyske hooligans minsken by it EK yninoar fege as ien op harren flagge stien hat, en it is ek gjin patriottisme as Brasiliaanske saneamde supporters by de Olympyske Spelen tsjinstanners fan Brazilianen útfluitsje. It is sels gjin patriottisme as Hans van Zetten hiel Nederlân yn ekstaze bringt mei syn kommintaar by it turnjen. Dat is sjauvinisme. En, krekt as sûn patriottisme, is dêr op ’e tiid neat mis mei."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)