Gelykspul foar SC Cambuur tsjin De Graafschap

22 aug 2016 - 21:52

Sportklup Cambuur hat moandeitejûn yn de Jupiler Leaguewedstriid gelyk spile tsjin De Graafschap. Yn eigen stadion waard it 1-1. Nei in oantreklike iepeningsfaze iepene Hoefdraad de skoare foar Cambuur. Yn de twadde helte spile Cambuur oanmerklik minder as yn de earste helte, mar bleau dochs de boppelizzende partij. De Graafschap kaam der lykwols in pear kear gefaarlik út en yn de 79e minút kopte Parzyszek de 1-1 binnen. Cambuur socht yn de einfaze noch nei de winnende treffer, krige in enoarme kâns, mar it bleau 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)