Flaamske premier pleitet foar in Uny foar de Noardsee

22 aug 2016 - 21:47
  • De Noardsee by Flylân

De Flaamske premier Geert Bourgeois yn België wol dat der in Uny foar de Noardsee oprjochte wurdt. It moat in gearwurkingsferbân wurde foar alle lannen dy't oan de Noardsee grinzje, lykas Nederlân, Frankryk, Dútslân, Denemarken en Grut-Brittannië. De Uny moat wittenskiplike programma's rûn ûndersyk nei de Noardsee befoarderje. Dat idee oppere hy by in besite oan it Vlaams Instituut voor de Zee. It idee foar in Uny foar de Noardsee ûntstie troch de Brexit. Hy wol dat ûndersyk nei de Noardsee net yn 'e knipe komt, no't de Britten út de EU gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)