SC Hearrenfean makket nije haadsponsor bekend

22 aug 2016 - 21:25
  • Excelsior-Hearrenfean

SC Hearrenfean makket tiisdeitemoarn op It Hearrenfean syn nije haadsponsor bekend. Fyftjin jier lang stie it logo fan fersekerder Univé op de shirts fan it alvetal. Ein foarich jier makke Univé lykwols bekend it kontrakt mei de Fryske fuotbalklup nei juny dit jier net te ferlingen. Univé sponsore likernôch in miljoen per seizoen.

De fuotballers spylje op it stuit mei de namme fan KIKA op it shirt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)