Stienzer streakers fersteure dolfineshow yn Dútslân

22 aug 2016 - 21:09

Fiif biste-aktivisten fan de ynternasjonale Vegan Strike Group út Stiens hawwe snein yn in bistetún yn Dútslân in dolfineshow fersteurd. Se binne tsjin it opsluten fan dolfinen en fine dat de bisten, lykas bollen, net brûkt wurde meie foar entertainment en it fermeitsjen fan minsken.

De Vegan Strike Group protestearret troch neaken of diels ûntbleate in show of wedstriid yn te rinnen mei protestteksten op it liif.

Agressyf

It is de fyfde kear dat de Vegan Strike Group in dolfineshow fersteurt. Earder dit jier wienen aktivisten ek al aktyf yn Brugge, Valencia, Madrid en Gran Canaria. Neffens de aktivisten reagearre it publyk yn Dútslân agressyf op harren aksje troch de klean fan de aktivisten yn it wetter te smiten. De Vegan Strike Group wol graach dat alle dolfinaria sletten wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)