Jong Hearrenfean ferliest fan Jong Feyenoord

22 aug 2016 - 20:27
  • Fuotbal

It belofte-alvetal fan SC Hearrefean hat moandeitejûn ferlern fan Jong Feyenoord. It waard 3-2 yn Rotterdam. Jong Feyenoord kaam al gau op foarsprong troch in doelpunt fan Kramer. Yn de 20e minút makke Bruijn lykwols de gelykmakker: 1-1.

Nei it skoft kaam Jong Hearrenfean goed út de klaaikeamer. Yn de 56e minút makke Zahovic de 2-1 foar de Feansters. Lang koene sy net fan dy foarsprong genietsje, want Hamer soarge mei in pleatst skot foar de 2-2. Flak foar tiid waard it 3-2 foar Feyenoord troch in fan rjochting feroare skot fan Basacikoglu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)