Tekoart oan fytserekken by stasjon Ljouwert

Fytsers kinne harren fyts mar lestich kwyt by it stasjon yn Ljouwert. Dat hat te krijen mei de ferbou fan it stasjonsgebiet. De fergeze befeilige fytsestalling is regelmjittich fol en efter it stasjon is ek net genôch plak om alle fytsen te parkearjen. De befeilige stalling jout plak oan 1.500 fytsen. Mei de oankommende útwreiding moat dat oer in jier it dûbele wêze mei 3.000 fytsen.
Neffens Ynze Haitsma fan de gemeente wurdt der hieltyd mear tafersjoch hâlden op it tal frije parkearplakken foar fytsen. Fytsen dy't langer as twa wiken by it stasjon stean wurde fuort helle sadat der wer mear plak frijkomt. Dêrneist sil de gemeente sjen oft der yn de buert fan it stasjon noch mear romte komt foar fytsen.