CDA, PvdA en CU Achtkarspelen akkoart mei koälysjeplannen

It gemeentehûs fan Achtkarspelen
De riedsfraksjes fan it CDA, de PvdA en de ChristenUnie yn de gemeente Achtkarspelen binne akkoart mei de plannen foar in nije koälysje fan dy trije partijen. Dat ha se ynformateur Joop Atsma witte litten. Atsma nimt ek de formaasje fan in nij kolleezje op him. Dan giet it ûnder oare om de wethâldersposten en wa't wat yn portefúlje krijt.
De FNP-fraksje yn de gemeente joech earder moandei oan gjin fertrouwen te hawwen yn de nije koälysje.