Yntroduksjewike Van Hall Larenstein is úteinset

22 aug 2016 - 16:56
  • Van Hall Larenstein yn Ljouwert

Dizze wike start as earste hegeskoalle yn Ljouwert de yntroduksjewike op de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert. Dit giet dit jier lykwols wat oars as oars. It gebou fan de skoalle wurdt op it stuit nammentlik noch hielendal ferboud. Sa'n 150 minsken binne dwaande om de skoalle ree te meitsjen foardat de offisjele lessen takom wike begjinne. Neffens Diana Keizer fan de hegeskoalle moat de ferbouwing ein dizze wike klear wêze.

Oerlêst

As dit net slagget, dan moatte de nije studinten harren mar efkes oanpasse oan de wurksumheden, mar in soad oerlêst sille se der net fan hawwe, sa seit Keizer. Der komme ûnder oare mear wurk- en stúdzjeplakken foar de studinten en is der ek ynvestearre yn duorsumens, lykas sinnepanielen.

Diermanagement

Dit jier begjinne der likernôch 700 studinten oan in stúdzje oan de hegeskoalle, dat binne der like folle as foarich jier. De meast populêre oplieding is ek lykas oare jierren Diermanagement. Benammen froulju hawwe harren hjirfoar ynskreaun. Takom wike begjinne ek de NHL en Stenden mei de yntroduksjewike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)