2.400 liter disel stellen út frachtweinen

© Foto-ympresje
Ut in tal frachtweinen yn Ljouwert is it ôfrûne wykein 2.400 liter disel stellen. De frachtweinen stiene oan de Marshallwei, op it eardere Brada-terrein. Neffens de plysje is it stek dat om it terrein stiet fernield. It is noch net dúdlik hoe't de disel krekt meinaam is troch de dieven.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.